Wolkom op it webstee fan de Jongfryske Mienskip
Klik earne op dizze moaie flagge om troch te gean
Dêr sill' wy, as Friezen, swarre: "Aldfaars erf, wy weitsje oer Dy!"
Om dizze side yn al har gloarje te sjen wurd Firefox as Chrome oanrieden!

Groepen

Jongerein

De Jongfryske Mienskip is in jonge feriening mei in lang ferline, dy't him ek ynset foar de jongerein en jonge folwoeksenen! Hast in tredde fan ús leden is jonger as 30 jier en wy organisearje ek aktiviteiten foar ús jongereinleden. Net alle jongerein dy’t aktyf is by de Jongfryske Mienskip is ek lid fan de Jongfryske Mienskip.

De JFM-jongeren fierden ûnder oaren aksje foar de Frysktalige gemeentenamme De Fryske Marren, namen diel oan Explore the North en fjochtsje mei yn it ynter-Fryske swurdfjochtersteam.

Ynter-Fryske sporters

De Jongfryske Mienskip stipet ynter-Fryske sportinisjativen graach. Nije ynter-Fryske sportinisjativen binne fan herten wolkom! Wolsto in ynter-Fryske team opsette, mar hasto gjin idee hoe? De Jongfryske Mienskip kin dy helpe om sporters yn de oare Fryslannen te finen.

Alle jierren komt it ynter-Fryske swurdfjochtersteam yn aksje. De Jongfryske Mienskip stipet dit ynter-Fryske swurdfjochtersteam.

Alderein

De Fryske alderein hat tige bydroegen oan de maatskippij dêr’t wy yn libje en hawwe har bytiden ek (tige) ynsetten foar de Fryske saak. Wy wolle dêrom de alderein graach belûke by de Fryske saak en út en troch in aktiviteit opsette.

Nederlandstaligen voor Frisia

De Jongfryske Mienskip heeft de overtuiging dat het er niet toe doet waar je vandaan komt, maar dat het belangrijk is waar we als Fries volk voor staan. Wij zijn trots op alle leden die de (inter-)Friese zaak steunen.

Uit de provincies Groningen, Drenthe, Fryslân en de regio West-Friesland wonen veel leden van de Jongfryske Mienskip. Sluit je ook aan bij deze groep!

Deutschsprachigen für Friesland

Der Verein Jongfryske Mienskip ist der Überzeugung, es ist nicht wichtig, wo man herkommt, sondern wo wir als Friesen allesamt hin wollen. Wir sind stolz auf unsere Mitglieder, die die interfriesische Sache unterstützen.

Aus Ost- und Nord-Friesland gibt es schon vielen Friesen, die Mitglied in der Jongfryske Mienskip sind. Werde auch Teil von dieser Gruppe!

New Frisians

The Jongfryske Mienskip firmly believes that it is not where you come from that matters, what matters is where we are going together as Frisians. We’re proud to have members who have chosen to make Frisia their home and who believe that Frisia’s full potential can only be reached when we inter-Frisian cooperation reaches it’s full potential

Navigaasje