Wolkom op it webstee fan de Jongfryske Mienskip
Klik earne op dizze moaie flagge om troch te gean
Dêr sill' wy, as Friezen, swarre: "Aldfaars erf, wy weitsje oer Dy!"
Om dizze side yn al har gloarje te sjen wurd Firefox as Chrome oanrieden!

Nij Frisia

Sûnt 2014 is 'Nij Frisia' it tydskrift fan de Jongfryske Mienskip (''tydskrift foar Fryske striid en literatuer'') en ferskynt fjouwer kear yn 't jier.

Yn Nij Frisia kinne jo Fryske literêre saken lêze, mar ek bydragen yn it ramt fan de Fryske taal en identiteit. It is in folslein Frysktalich tydskrift dêr't elk lid frij is om in eigen bydrage oan te leverjen. Dy bydragen binne net ûndergeskikt oan in bepaalde maatskiplike ideology of oan de ideology fan de feriening. Koartsein, mei respekt foar de frijheid en stânpunten fan oaren kin elk lid yn Nij Frisia skriuwe wat er sels wol.

Yn it tiidrek 1917-1936 wie 'Frisia' it tydskrift fan de feriening. It tydskrift 'Lyts Frisia' ferskynde foar it earst yn 1951. By de gearkomste fan 1 maart 2014 waard 'Lyts Frisia' feroare yn 'Nij Frisia'. Mei dy feroaring feroare it formaat ek fan A5 nei A4. It tal siden is der ek op foarút gien. Lyts Frisia hie ornaris 16 siden wylst Nij Frisia der standert 24 as mear hat.

Hjirûnder kinsto it earste nûmer fan Nij Frisia sels lêze:
Nij Frisia 2014 nr. 1

Asto de nijste nûmers fan Nij Frisia ek graach lêze wolst kinsto lid wurde fan ús feriening.

Lyts Frisia (1951-2013)

Hjirûnder hawwe wy in kar makke fan útjeften fan Lyts Frisia. Lyts Frisia ferskynde fan 1951 oant en mei 2013.

Frisia (1917-1936)

Frisia wie yn it tiidrek 1917-1936 it tydskrift fan de Jongfryske Mienskip. Hjirûnder sjogge jo in omslach fan Frisia út it jier 1922, ûntworpen troch Johan Dykstra.

Nij Frisia Media

Navigaasje