In Nederlânske flagge yn ‘e Steateseal… in griis!!!

Albert fan Dyk fan it Foarum foar Demokrasy tsjinne mei de PVV en 50Plus yn jannewaris in
foarstel by Provinsjale Steaten yn om de Nederlânske trijekleur yn ‘e Steatenseal te krijen.
Hoe blyn kinne jo wêze foar wat er libbet yn ús Mienskip… bok, bok, bok!

It wie krekt de wike dêrfoar dat wy in gearkomste fan de JFM hiene op tongersdei 16 jannewaris en wy fuort en daliks besletten hawwe om yn aksje te kommen. Ferskate leden fan ús feriening wiene dûm, ek guon steateleden woene wol mei dwaan. Plan wie om de hiele Twibaksmerk yn Ljouwert, dêr’t it Provinsjehûs fêstige is, fol te hingjen mei sa’n 500 meter oan Fryske flaggen. De aksje waard útfierd op 21 jannewaris 2020. In dei foardat de stimming syn gerak krije soe. Wat moast der komme? It wie koart dei fansels. Ut it bestjoer wei joech Keimpe Mennosoan oan dat er wol foar Fryske flachjes soargje koe. Ik soe de karre mei klimmaterieel meinimme. Yn it tuskenlizzende wykein joegen Harmen Sytstra en Kees Otter oan dat se ek meidwaan woene. “Al is it mar foar de morrele stipe!”, seine de mannen.

Machtich no? Jelte Wolters en Geart Sjoerdsma hiene ûnderwylst de Omrop waarmmakke en dy soene der ek by wêze yn de foarm fan Willem Wâldpyk. It Foarum foar Demokrasy fielde de hite azem fan it Fryske ferset yn ’e nekke en paste it foarstel oan mei de Fryske en Nederlânske flagge. Dat noaske ús noch hieltyd net, dat wy setten troch.

De jûns fan de aksje kamen wy om njoggen oere hinne by elkoar yn ‘e Ierske Pub Paddy O’Ryan, oarekant it Provinsjehûs. Mei in kâld drankje derby woene wy de lêste tariedingen dwaan. Oarekant strjitte wie der noch hieltyd in protte te rêden. Minsken rûnen oates en toates yn en út. Healwei tsienen belune it in bytsje, mar pas om tsien oere hinne giene de lûken ticht. Doe kamen wy mei de hiele kliber yn aksje! Mei ljedders, flaggen, kabelbiners en duct-tape sochten wy ophingpunten foar de flaggen en flaggelinen. Gjin beam as lantearnpeal wie feilich en waard brûkt as ophingpunt. Wilkem Wâldpyk lei alles fêst foar ús neiteam. Sa ynienen kaam der in befeiligingsauto mei swaailjocht de Twibaksmerk opriden. “No binne jim it bokje”, sei Willem. It die bliken dat it ús Thobias wie dy’t by in befeiligingsbedriuw wurke en fan mem heard hie wêr’t wy mei dwaande wienen. Dat betearde noch goed… In healoere letter wie it raak en der kaam in plysjeauto oanriden. “Wêr binne jimme mei dwaande?” Jelte Wolters die se te witten dat hy yn it Provinsjehûs wurke en dat de fersiering foar twa fan syn kollega’s wie dy’t de oaredeis tafallich tagelyk harren jierdeis fiere soene. De mannen slikken it fuort as wie it Molkwarder koeke. It wie bêst wol in bulte wurk. Hans Aukesma fan De Harkema helle nuvere kaprioalen út om de flaggen de loft yn te krijen. Doe barde it… De rollûken fan it Provinsjehûs giene omheech en de befeiliging sette nei bûten.

Harmen Sytstra wifele gjin tel en sette fuort op de man ta. “No sjoch, dat is in ferrassing foar
Arno Brok.” Neidat Sytze fiif minuten mei de man ompraten hie, joech de befeiliger syn help oan.
Sa hiene wy allegear ús taak en stiene mei-inoar ree om op te kommen foar ús Fryske idealen. Op in paad nei Fryske Autonomy 2050 soe ’k sizze!!

De strategyske piramide

Yn de foarrige Tynge koenen jim lêze dat wy dwaande binne mei in strategyske piramide. No kinne wy jim mei grutskens fertelle dat wy klear binne en dat der in konsept leit. De strategyske piramide bestiet út in missy, fisy, wearden en doelen. De strategyske piramide is in útwurking fan ús doelen dy’t yn it karbrief formulearre binne. Dy doelen wienen breed formulearre sadat it karbrief net alle pear jier feroare wurde moat. Dy doelen seinen neat oer wa’t wy binne en wat wy no yn detail wolle.

Wa’t wy binne is in wichtige fraach. Dat byld wie net altiten like helder. Ut ferskillende hoeken is besocht de Jongfryske Mienskip te ynstrumintalisearjen foar oare doelen. Dat kin fansels net. Dêrom presintearje wy jimme hjirûnder ús strategyske piramide (missy, wearden, fisy en doelen).

Us missy – wêr giet it ús om?
It paad nei Fryske autonomy yn 2050.

Us wearden – wêr leauwe wy oan?
1. Frysk is in eigen ûnôfhinklike identiteit, los fan Nederlân en Dútslân.
2. Wy dogge gjin partijpolityk.
3. ‘Fries is, wa’t him Fries fielt’: Wy stribje ynklusiviteit nei. Immen dy’t him as Fries identifisearret, is
sûnder twifel in Fries.
4. Wy wize ekstreme (politike, ideologyske) streamingen, sawol links as rjochts fan it politike
spektrum, fan de hân.

Us fisy – wêr wolle wy hinne?
1. De Jongfryske Mienskip wol yn politike rûnten in sterkere eigen lobby.
2. De Jongfryske Mienskip wol it Frysk bewustwêzen op it mêd fan taal en skiednis yn it ûnderwiis
fergrutsje.
3. Wy wolle dat it Frysk mear sichtber wurdt yn de mienskip en dat de taal mear brûkt wurdt.
4. De Jongfryske Mienskip fynt dat de identiteit (ynter-Fryske identiteit) fersterke wurde moat.
5. It mienskiplik bewustwêzen yn de (histoaryske) Fryske lannen stimulearje en emansipearje.

Us doelen – wêr geane wy foar?
1. Friezen yn de Fryske lannen mei elkoar ferbine en ús oppenearje as mienskiplike Europeeske regio.
2. Utfiering jaan oan it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden.
3. Yn basis- en fuortset ûnderwiis lesmateriaal ûntwikkelje litte dêr’t de skiednis fan de Friezen in plak yn kriget.
4. Minimaal lykweardigens fan Frysk en Nederlânsk yn alle domeinen.
5. Fiskale autonomy foar Fryslân.

De strategysk piramide is noch lang net klear. Mei allinnich in missy, wearden, fisy en doelen liket it folle mear op in manifest as op in realistysk plan. En faak is in oanfalsplan net genôch. Wy moatte noch wurkje oan ‘Us ferhaal’ (om nei bûten te presintearjen), de boustiennen (konkrete stappen) dy’t SMART formulearre wurde en in regelmjittige syklus foar de evaluaasje en follow-up (wêr steane wy?). Boppe alles moatte wy de follow-up wichtich fine.

Wy hâlde jim op ’e hichte fan hoe no fierder. Konstruktive feedback is altyd wolkom. Wy sille de strategyske piramide noch presintearje en taljochtsje yn in Algemiene Ledegearkomste. Fragen oer de strategyske piramide kinne jim no al nei ús stjoere.

Oera linda boek – âlderdom fêststeld

Ferline hjerst presintearre Jan oan it bestjoer om it Oera Linda Boek nochris ûndersykje te litten. Wy fan de Jongfryske Mienskip fine de Fryske literatuer yn syn hiele hear en fear belangryk. Suver yn elk boek oer de Fryske literatuer wurdt it Oera Linda Boek neamd. En wat te tinken fan de Kanon fan de Fryske skiednis? Dêryn is it Oera Linda Boek ien fan de kanonfinsters! Gauris wurdt it boek in falsifikaasje neamd en dat soe ek kinne, mar der leit gjin bewiis foar en dêrom witte wy it net seker.

Wêrom nochris ûndersykje? Is dat noch net faak genôch dien? It koarte antwurd op dy fraach is “nee”, want mei de C14-metoade is der in nije ûndersyksmetoade dy’t noch net earder besocht is. Op it papier fan it Oera Linda Boek binne linen te sjen. Op midsiuwsk Arabysk papier binne ek fan sokke linen te sjen en krekt dy mooglikheid wie noch net ûndersocht. De nije C14-metoade soe soks wol fêststelle kinne. It ûndersyk soe dien wurde kinne oan de Ryksuniversiteit yn Grins… Mar ja, dan moatst noch wol in snipel fan it Oera Linda Boek yn hannen sjen te krijen…
Nei in bytsje hin-en-wer skriuwen mei Tresoar kaam der lang om let it ferlossende nijs dat wy wol in snipel krije koenen. Op 6 desimber waarden wy by Tresoar ferwachte, dêr’t wy in red carpet treatment krigen. Wy waarden waarm wolkom hiten en dêrnei mochten wy ús ûndersyksfoarstel nochris wiidweidich taljochtsje. De C14-metoade wie bekend en ek de reden foar it ûndersyksfoarstel fûnen de minsken fan Tresoar falide. Mei oare wurden, wy hienen in goed ûnderboud ferhaal en no ek nochris grien ljocht! It gie oan! Yn de kelder lei it Oare Linda Boek al op ús te wachtsjen. In grutte tafel mei derop plestik mofkes, in fergrutglês, in spesjaal mêske en in pinset. Foar Jan, Sander en my wie dit momint bysûnder genôch om gau eefkes in foto te meitsjen. Oer in pear minuten wie in lytse snipel fan it Oera Linda Boek yn ús besit! Der waard noch eefkes redendield oer de grutte fan it stik, de Ryksuniversiteit hie dochs in bepaalde hoemannichte papier nedich om ûndersykje te kinnen, mar doe’t dat dúdlik wie mochten wy yn in spesjaal bewarpûdsje de papiersnipel meinimme.

Op de efterbank fan Ljouwert nei Grins dy bysûndere papiersnipel. It wie him echt! In lyts stikje papier fan in topstik yn de Fryske literatuer. Hoewol’t ik skeptysk wie bekroep my dochs stadich de hope dat dit echt in hiel âld stik papier wêze soe! Hoe moai soe dat wêze?! Eê ju, in bytsje deidreame jout it libben kleur. Nei oankomst by de Ryksuniversiteit yn Grins wy de earstfolgjende halte it Sintrum foar Isotopenûndersyk, dêr’t se de C14-metoade brûke soenen foar ús papier. Om it ûndersyksresultaat net te beynfloedzjen, hawwe wy de namme fan it Oera Linda Boek net neamd.  Us waard te witten dien dat it ûndersyk sa likernôch in healjier duorje soe. It wie freed, wy winsken elkoar in goed wykein en fûstken ôf.

Op 5 juny foel der in brief op ’e matte fan de Ryksuniversiteit yn Grins. It papier waard net as midsiuwsk datearre. Op basis fan de mjitting waard it organyske materiaal datearre yn it tiidrek 1669-1945. Stikem hienen wy dochs wol in bytsje op in oar resultaat hope. Dan hienen wy no in hiele oare primeur. Miskien liket in stikje mystyk om it Oera Linda Boek hinne no ferdwûn. Dêr wolle wy as Jongfryske Mienskip fansels net skuldich oan wêze! Foar de minsken dy’t noch echt oan de echtheid fan it Oera Linda Boek leauwe wolle, it boek kin noch altyd in kopy wêze fan in âlder orizjineel… Hoewol’t in falsifikaasje hiel oannimlik liket, ek dêrfoar leit noch gjin bewiis. It Oera Linda Boek bliuwt dêrmei in stopstik yn de Fryske literatuer.

Ûndersyk nei de Fryske Nasjonaliteit

De Jongfryske Mienskip giet ûndersykjen as it kaderferdrach -wêr’t by de Friezen erkend binne as Nasjonale Minderheid- it juridysk mooglik is om dizze erkenning ek sichtber te meitsjen yn offisjele identiteits dokuminten.
Der foar wolle wy mei meardere instellingen gearwurkje. Wy halden jimme op de hichte!

In moai lyts súkses

 It is eins suver wat nuver; jin eamelje in kear en de wrâld om jo hinne komt blykber yn beweging. Neidat Maria Del Grosso in treflik stik skreaun hie oer it ûntbrekken fan in Frysktalige donorstruier, gie it baltsje wol hiel gau rôljen. Deputearre Poepjes hat de Frysktalige donorstruier yn in wike tiid klear krigen.

Der is skynber in strieminne taalhâlding by it Ryk (en har útfieringsorganisaasjes). Tsjûgjend de ûnwil fan de meiwurkers en al hielendal it oergryslike denegrearendje antwurd fan de plakferfangend direkteur Schayik: “Friezen moatte net kremearje oer harren taaltsje, hja binne ommers ek ‘Hollanners’; tsjek dyn nasjonaliteit mar efkes”. Dêr sil hy op weromkomme moatte, wy wachtsje op dit stuit noch op in formele ekskúsbrief.

Myn ynstek is altyd west dat ik dy struier yn it Frysk hawwe wol. Wêrom? Om’t it ek yn 7 oare, lânsfrjemde talen beskikber is! Hja binne it Frysk gewoanwei fergetten, sa sleau wurdt der mei omgien. Dus dit wie in sterke saak, dat seach Poepjes fansels ek en dêrtroch is it al mei al yn in wike tiid beslike. Ik ha dus net op in Frysktalich registearformulier frege om’t my fuortdaliks al dúdlik makke waard dat dy “alleen in het Nederlands beschikbaar is gemaakt”.

Hawar, dit súkseske efkes fiere mar no wol trochpakke. It momintum is der neffens ús: it Frysk moat folle struktureler binnen de kommunikaasje fan de Ryksoerheid weromkomme. Yn Fryslân libje wy yn in meartalige sitewaasje wêryn de Rykstalen op basis fan lykweardigens neist inoar brûkt wurde kinne. Dat is alteast de teory. Yn de praktyk witte wy wol better. Dêryn moat it Ryk ek in rol spylje.

Dêrom: Op Friezen, Op! Meitsje reboelje, jou lûd, skilje it meldpunt, easkje Frysktalige kommunikaasje fanút de Ryksoerheid (oer bygelyks Koroana, rampebestriding, belestingstsjinst, 4/5 maaie as BoB).

Chris van Hes
Foarsitter