Betinking “De slach by Hartwarden” 2020

Hartwarden, Butjadingen (East-Fryslân)

Woansdei 21 jannewaris 1514

 

It wie kâld, roetkâld. Sels de Wezer wie beferzen, wat yn iuwen net bard wie. Op de krusing fan de Wezer en It Syldjip stie by it lemieren fan ’e dei in man muoisum foar him út te sjen.

Henning Frijmoed stoareaget oer it wite wûnderlike lânskip wylst syn azem lytse reekwolkjes makket yn de iiskâlde loft. Ferdomme, wêr bliuwt Edzard no, tocht Henning. Henning, ien fan de bêste striders fan Reatsjerken. Hy draaide him fol argewaasjes om. Wat soe der bard wêze? Op de igge fan it Syldjip yn Hartwarden binne oare Fryske striders drok dwaande iisskossen út ‘e stream te seagen en dêr in baas skâns fan in meter of fjouwer heech te bouwen. Henning faget it kâlde swit fan de foarholle ôf en sette ôf nei de bodzjende mannen.

Wy hawwe mar ien kâns tinkt er en dat is stânhâlde efter dizze hûzenhege muorre fan iis, tinkt er. Ferskate mannen steane harren sels wat op te waarmjen by it fjoer wylst de flesse drank rûngiet. It is derop of derûnder diz’kear, dat witte de mannen as sy inoar op it skouder slaan. Dan heart Henning it wrinzgjen fan in hynder. Troch de dize oarekant de stream sjocht er in man op in hynder oer it iis knoffeljen. Blikstiender, it is Edzard en syn hiele harsens sit ûnder it bloed. “Friezen, stean op!”raast er: “Ried jimme ta, it is safier, se komme deroan!!! De mannen stoppe allegearre mei it wurk en harkje nei Edzard dy’t fertelt hoe’t it plak Galswurden en Reatsjerken al yn hannen fan de fijân fallen binne. Edzard is de iennige dy’t noch libbet fan de sirka hûndert man dy’t de fijân opkeare moasten yn Galswurden en Reatsjerken. Alle mannen gripe nei harren fjochtersark. “Mannen!!!” raast Hennig Freimut, “it giet oan… Johan von Oldenburg en de Herzogen fan Braunschweig komme der oan.” It binne der mear as 6000. Hjir steane wy, 700 man sterk, mar tink derom, dêr’t wy foar fjochtsje is ús iuwenâlde Fryske Frijheid! In rjocht dat ús folk al iuwenlang hân hat. Wy sille fjochtsje oan de dea ta.” “Leaver dea as slaaf! Leaver dea as slaaf!” klinkt it út 700 kielen en dan giet it los. It iis kleuret al rillegau read fan it bloed en de fijân ken gjin genede, mar de Friezen ek net net en fjochtsje as duvels. De Friezen hâlde stân efter harren skâns fan iis, mar nei trije dagen blykt er ek in Judas mei de dappere Friezen mei te fjochtsjen en ferret syn eigen folk troch oan de fijân te fertellen hoe’t se om ‘e skâns fan iis hinne lûke kinne. Sa krije de Friezen it knyft fan efter yn de rêch stusten. No is de striid rillegau beslikke. Der binne noch sa’n 40 Friezen oer en dy sette hommels ôf nei de tsjerke yn Langwarden, sa’n 40 km fierderop. De soldaten fan Oldenburch en Braunschweig jeie efter de Friezen oan, sy rûke de oerwinning. Henning is der ek by en hy is oan ’e ein, it bloed streamd út in gat yn de side mar hy jout gjin belies. By de tsjerke yn Langwarden komt it lêtste gefjocht. Tolve soldaten steane foar Henning oer, mar hy fjochtet troch. “Hjir komme, omkoalen, ik sil jim leare wat fjochtsjen is.” “Foar Fryslân!” raast er, de striid is koart en dan fielt er hoe’t it kâlde stiel him fan efter de lea yn kringelet. “Frijdom wie de heechste wet” seit er noch sêft… dan sjoch… in wyt ljocht en wa longeret dêr no nei him, is dat syn pake? No, sjoch ris oan… en dêr… heit? Mar dy is juster ferstoarn yn ’e striid… immen seit dat it sa goed is… en dan jout er belies. De slach by Hartwarden is foarby. 700 Fryske soannen en dochters binne weirekke. Op dizze kâlde freed yn 1514 komt er in ein oan it lêtste stikje Fryske frijheid dat der noch oerbleaun wie fan de eardere o sa machtige sân Fryske seelannen.

 

 

Oerterp 19 jannewaris 2020

As bestjoer fan ‘e Jongfryske Mienskip prate wy der al jierren oer. Wy moatte noch in kear nei de betinking fan “De slach by Hartwarden”. Op 19 jannewaris 2020 sil it dan ek einlings heve. Jos de Boer hat in moaie poster gearstâld om der op sosjal media mear omtinken oan te jaan. Wy binne dan ek nijsgjirrich wa’t der allegearre komme sille út Mid Fryslân. Bin betiid fan it bêd ôf, om’t ik ride sil en myn mei -striders Ed Knotter en Sytze Hiemstra út Drachten helje sil. De reis duorret sa’n oer as trije mar… tiid giet hurd yn goed selskip. Wy komme al sa om healwei tsienen yn Hartwarden oan. Restaurant Friesenheim stiet op it plak dêr’t wy ôfsprutsen hawwe. Dat begjint al goed fansels, ek al sit de doar noch ticht. Wy binne wier te betiid. Wy sille hjir sammelje om dan yn in stille tocht nei it stânbyld fan de Hartwarder Friese te rinnen, sa’n 200 meter fierderop. Dêr dan earst mar efkes sjen, no.

 

De Hartwarder Friese is in ‘Denkmal’ (monumint) dy’t hjir yn maaie 1914 delsetten is as oantinken oan de Slach by Hartwarden. De brûnzen Harwarder Friese sjocht noartsk de kant fan Oldenburch út en de klean dy’t de byldhauer him jûn hat binne ek net hielendal skiedkundich yn oarder. Mar hee…! Hy stiet der!

Werom nei it restaurant Friesenheim dêr’t de doar no iepen is. Wy binne de earsten dy’t deryn komme, de kroechbaas kin syn earen net leauwe as hy heard dat wy hielendal út Mid-Fryslân komme. Rillegau komme Sjoerd Grienhof en Wolter Jetten deryn en drinke wy kofje mei inoar. De doar giet wer iepen en dêr binne André Freimuth en Johannes Boersma fan ús Eastfryske susterorganisaasje Jungfräiske Mäinskup, dy ‘t mei troch de ynset fan ús bestjoerslid Wolter Jetten oprjochte is. Bûten op strjitte hearre wy hieltiten mear leven. Wy beslute ek mar nei bûten ta te gean. It pleintsje foar it restaurant stiet grôtfol minsken. Op de dyk steane in stikmannich âld-striders fan de Hartwarder Landerswehr mei lange, ryklik fersierde spearen mei lange feandels deroan fêstbûn.

Ik haw de Pompeblêd- en Noardseeflagge meibrocht. Wolter en ik sjogge inoar oan : “Sille wy gewoan mar efter yn de rige oanslute?” Sa marsjearje wy nei de Hartwarder Friese tusken de Landeswehren en Heimatbunden. Dêr oankommen hâldt de deifoarsitter in betinkingsrede dêr’t wy ek noch yn neamd wurde. Nei in amerij fan stilte foar de 700 Friesen dy’t hjir weirekke binne kuieret elkenien werom nei restaurant Friesenheim. Wy bliuwe noch efkes stean om wat foto’s fan it monumint te meitsjen. Letter yn ‘t kafee sit it no wier grôtfol, ferskate organisaasjes sprekke. In frommes, fertsjintwurdigster fan in organisaasje dy’t harren ynset foar it Platdútsk freget mear omtinken foar de taal. Sy begrypt net dat de jongerein it net leare wol. Ûnôfhinklik fan inoar sprekke Sjoerd en ik de frou nei de pesintaasje oan. Wy besykje har oan ’t ferstân te bringen dat it ek oan de namme Platdútsk leit. “Meitsje der Hochfriesisch fan of sa.” seit Sjoerd. De frou docht krekt as ferstiet sy ús net en wol ús wier net begripe. André Freimuth en Wolter Jetten lizze it letter oan ús út. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch besykje de Dútsers Fryske wurden út it Plat te heljen en ferfange dy troch mear op it Dútsk lykjende wurden, en dat rint oan ’e dei fan hjoed troch. Net te leauwen fansels, wat in skande. Wy binne der stil fan op ’e reis werom yn ’e auto nei Mid-Fryslân en ik sjoch dêr de Wezer, It Syldjip, de ôfslach nei Langwarden en ik moat ynienen tinke oan in lietsje fan ’e Kast. It nûmer hjit fan: ‘Eltse grins foarby’ en yn ’t refrein sjongt Syb: ”De sinne skynt al iewen oer ús lân… eltse dei opnij”. Krekt dan komt de sinne nei ûnderen ta yn in bad fan bloedread fjoer en yn myn holle hear ik Henning Freimuth sêft sizzen…Frijdom wie de heechste wet.

 

Sander

Oerterp

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

,

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *