Bodderstocht 2020

Sneon 7 maart 2020 waard de twadde Bodderstocht holden, in 3-jierlikse tradysje fan de Jongfryske Mienskip.

De ‘Bodderstocht’ fan de Jongfryske Mienskip is in earbetoan oan bodders yn ’e Fryske striid, want neat is sa krêftich as de striid foar de eigen Fryske frijheid. It bestjoer en ferskate leden binne fan betinken dat der lang net genôch omtinken is foar minsken dy’t de nekke útstutsen hawwe foar de Fryske saak. Doel fan de bodderstocht is om stil te stean by it libben en de dieden fan dy bysûndere minsken.

Taal, kultuer en skiednis fan in folk binne sterk beskiedend foar jins identiteit en dat freget om in effektive oerdracht en bewustwurding dêrfan by de generaasjes fan no en fan letter. It Fryske kulturele ferline, sa’t wy it hjoed-de-dei (noch) kenne, is mear as wurdich om te ûnthâlden, te behâlden en troch te jaan en dêr hawwe gâns Fryske bodders har oanpart yn hân. Foar ús twadde bodderstocht hawwe wy omtinken jûn oan fjouwer fan dy Fryske striders. Ús tocht troch Fryslân gong sadwaande by in stikmannich grêven, monuminten en oare bysûndere plakken del.

Douwe Hermans Kiestra (Poppenwier, 4 desimber 1899 – Raerd [SWF], 3 juny 1970)
Douwe Hermans Kiestra wie in tige Frysksinnige boer, skriuwer, dichter en politikus. Op it tsjerkhôf te Poppenwier hawwe wy efkes stilstien by syn grêf en dêr in skôging jûn fan syn libben, gedichten foarlêzen en blommen lein. Ek de krityk op him dêr’t er mei te krijen hie, kaam op it aljemint. Douwe Hermans Kiestra wie in maat fan Douwe Kalma. Dêrnei reizgen wy troch nei it stee dêr’t Douwe Kalma oanriden is troch in auto.

 

Douwe Kalma (Boksum, 3 april 1896 – Ljouwert, 18 okt. 1953)
Kalma rjochte 105 jier lyn, op 20 novimber 1915, doe’t er noch mar 19 jier wie, mei seis oaren de Jongfyske Mienskip op mei it doel om Fryslân en de Friezen te ferheffen. De Fryske taal moast sadwaande ek kultureel meidwaan kinne op wrâldnivo.

Douwe Kalma wie in boaresoan út Boksum, in tige learde man en hie de jefte fan it wurd. Op 15 oktober 1953 is Kalma op tragyske wize oan syn ein kaam. Hy stiek op ’e fyts ûnder Wytgaard by de Weidumerhoeke de Brédyk oer. In frachtwein en in bus dy’t fan Ljouwert kamen, lieten him oerstekke, mar in automobilist hie dat net yn ’e rekken, ried de frachtwein en bus foarby en skepte de fytser Kalma, noch mar 57 jier âld. Trije dagen letter stoar Kalma yn it sikehûs. In grut ferlies foar Fryslân. Wy hawwe wer wurdearjende wurden oan him wijd, de krityk fan guon op him neamd en blommen dellein op it plak dêr’t Kalma fan de fyts ôfriden waard troch de auto.

Doekele Gerbens Brouwer (Bitgum, 21 maart 1917 – Bitgum, 10 maart 1989)
Nei it middeisbrochje yn ytkafee Duhoux te Wurdum reizgen wy ôf nei it grêf fan Doekele Gerbens Brouwer yn Bitgum. Brouwer hat op yn 1951 fan de rjochter as Nederlânsk Steatsboarger erkenning krige foar syn Fryske nasjonaliteit. Syn gewissebeswier tsjin de oantsjutting ‘Nederlandse nationaliteit’ waard op 16 jannewaris 1951 erkend troch de Kroan. En de Keamer fan Keaphannel, dy’t him by de ynskriuwing fan syn firma yn it hannelsregister yn it earstoan net as ‘Friesch’ ynskriuwe woe, waard yn it ûngelyk steld. Foar guon waard Brouwer letter de ynspiraasjeboarne foar de saneamde ‘ferklearring fan ôfstân’, wêrby’t ek besocht waard om ôfstân te dwaan fan de Nederlânske nasjonaliteit. Op it tsjerkhôf te Bitgum binne wer inkelde wurden oan him wijd en blommen dellein

Waling Dykstra (Froubuorren,14 augustus 1821 – Holwert, 15 jannewaris 1914)
De lêste bodder by ús tocht troch Fryslân wie Waling Dykstra. Wy hawwe him eare by it monumint foar him yn Ljouwert. Waling wie ien fan de mannen fan de earste oere fan de Fryske Beweging en in wichtich Frysk skriuwer, dichter en foardrachtskeunstner. Ien fan Waling Dykstra syn gedichten begjint mei de rigel ‘Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn! Dat is ien fan Fryslâns populêrste lieten wurden. Yn Ljouwert is syn libben skôge, binne gedichten foarlêzen en blommen lein.

De twadde bodderstocht fan de Jongfriezen waard op ’en nij in grut sukses, mei treflike taspraken fan Abe de Vries en Sander Hoekstra. De dei waard ôfsletten mei in slokje en nei dizze heildronk gong elts wer syn of har wegen.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *