De strategyske piramide

Yn de foarrige Tynge koenen jim lêze dat wy dwaande binne mei in strategyske piramide. No kinne wy jim mei grutskens fertelle dat wy klear binne en dat der in konsept leit. De strategyske piramide bestiet út in missy, fisy, wearden en doelen. De strategyske piramide is in útwurking fan ús doelen dy’t yn it karbrief formulearre binne. Dy doelen wienen breed formulearre sadat it karbrief net alle pear jier feroare wurde moat. Dy doelen seinen neat oer wa’t wy binne en wat wy no yn detail wolle.

Wa’t wy binne is in wichtige fraach. Dat byld wie net altiten like helder. Ut ferskillende hoeken is besocht de Jongfryske Mienskip te ynstrumintalisearjen foar oare doelen. Dat kin fansels net. Dêrom presintearje wy jimme hjirûnder ús strategyske piramide (missy, wearden, fisy en doelen).

Us missy – wêr giet it ús om?
It paad nei Fryske autonomy yn 2050.

Us wearden – wêr leauwe wy oan?
1. Frysk is in eigen ûnôfhinklike identiteit, los fan Nederlân en Dútslân.
2. Wy dogge gjin partijpolityk.
3. ‘Fries is, wa’t him Fries fielt’: Wy stribje ynklusiviteit nei. Immen dy’t him as Fries identifisearret, is
sûnder twifel in Fries.
4. Wy wize ekstreme (politike, ideologyske) streamingen, sawol links as rjochts fan it politike
spektrum, fan de hân.

Us fisy – wêr wolle wy hinne?
1. De Jongfryske Mienskip wol yn politike rûnten in sterkere eigen lobby.
2. De Jongfryske Mienskip wol it Frysk bewustwêzen op it mêd fan taal en skiednis yn it ûnderwiis
fergrutsje.
3. Wy wolle dat it Frysk mear sichtber wurdt yn de mienskip en dat de taal mear brûkt wurdt.
4. De Jongfryske Mienskip fynt dat de identiteit (ynter-Fryske identiteit) fersterke wurde moat.
5. It mienskiplik bewustwêzen yn de (histoaryske) Fryske lannen stimulearje en emansipearje.

Us doelen – wêr geane wy foar?
1. Friezen yn de Fryske lannen mei elkoar ferbine en ús oppenearje as mienskiplike Europeeske regio.
2. Utfiering jaan oan it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden.
3. Yn basis- en fuortset ûnderwiis lesmateriaal ûntwikkelje litte dêr’t de skiednis fan de Friezen in plak yn kriget.
4. Minimaal lykweardigens fan Frysk en Nederlânsk yn alle domeinen.
5. Fiskale autonomy foar Fryslân.

De strategysk piramide is noch lang net klear. Mei allinnich in missy, wearden, fisy en doelen liket it folle mear op in manifest as op in realistysk plan. En faak is in oanfalsplan net genôch. Wy moatte noch wurkje oan ‘Us ferhaal’ (om nei bûten te presintearjen), de boustiennen (konkrete stappen) dy’t SMART formulearre wurde en in regelmjittige syklus foar de evaluaasje en follow-up (wêr steane wy?). Boppe alles moatte wy de follow-up wichtich fine.

Wy hâlde jim op ’e hichte fan hoe no fierder. Konstruktive feedback is altyd wolkom. Wy sille de strategyske piramide noch presintearje en taljochtsje yn in Algemiene Ledegearkomste. Fragen oer de strategyske piramide kinne jim no al nei ús stjoere.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *