Skoalmateriaal

It Frysk is in taal dy’t heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan ‘e Westgermaanske talen. Troch taalkundigen wurdt it faak ‘Westerlauwersk Frysk’ neamd. Yn it bûtenlân stiet it ornaris bekend as ‘Westfrysk’. Hjirûnder folget in ABC fan it Frysk. Under ‘Webferwizings’ rjochts yn it skerm ûnder ‘Navigaasje’ kinne jim de boarnedokuminten fan ferskillende ferdraggen sjen.

Ynhâld

Aldste Frysk

It âldste Fryske wurd is ‘skanomodu’ (skjinne moed) en is yn runetekens en is om it jier 600 hinne op in munt slein. De earste langere Fryske teksten dy’t oerlevere binne stamme út de 12e en 13e ieu en binne skreaun mei it Latynske alfabet. Om 1485 hinne waard it earste Fryske boek printe; it ‘Freeska Landriucht’ (Fryske lânrjocht). It Aldfrysk begjint winliken al mei it ferskinen fan de earste Fryske runeteksten en einiget om it jier 1550 hinne. Rûchwei tusken 1250 en 1550 sjogge wy in bloeiende Fryske skriuwtradysje tusken Fly en Wezer; de tiid fan it Aldfrysk rjocht. Sa likernôch om it jier 1500 hinne ferlieze de Fryske lannen harren selsstannigens en dat hat ynfloed op de taal.

Geef- en Standertfrysk

It Standertfrysk is in fariant fan it Frysk dy’t as noarm brûkt wurdt. De term geef Frysk betsjut navenant itselde. De definysje fan it Standertfrysk lit him net samar beskriuwe. It kin wol sjoen wurde as it Frysk dat neffens aktive of bewuste taalbrûkers de noarm wêze moat. Benammen sjoernalisten, skriuwers, dosinten en politisy binne wichtige brûkers fan it Standertfrysk. Hja meitsje de standert sichtber en wurkje boppedat mei oan de fierdere ûntjouwing. In standerttaal wurdt fêstlein yn wurdboeken en grammatika’s. Dy wurde troch de media, de polityk en it ûnderwiis brûkt. It is in noarm dêr’t stal oan jûn wurdt troch dosinten en taalkundigen. Taalorganisaasjes lykas de Fryske Akademy jouwe it ark om in standerttaal mooglik te meitsjen. De Fryske stavering wurdt lykwols fêststeld troch Provinsjale Steaten.

Noardfrysk

It Noardfrysk wurdt troch sa’n 8.000 minsken yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein) praat. Noard-Fryslân waard yn twa kolonisaasjeweagen befolke troch Friezen út oare Fryske gebieten, yn de achtste en alfde ieu. It Noard-Frysk is ryk oan dialekten. De dialekten binne yn twa haadgroepen yn te dielen, dy fan de eilannen en dy fan de fêstewâl. It Noard-Frysk en it Westerlauwersk Frysk binne ûnderling tige min te ferstean. It Sealterfrysk en it Noard-Frysk binne ûnderling wol aardich te ferstean.

Sealterfrysk

It Sealterfrysk is in oare Fryske taal dy’t net sa bot mear liket op it Westerlauwersk Frysk. Beide talen kinne ûnderling mei muoite ferstien wurde. Yn it suden fan East-Fryslân (Nedersaksen), it Sealterlân, binne sa’n 2.000 minsken dy’t it Sealterfrysk as memmetaal hawwe. It Sealterfrysk is it lêste oerbliuwsel fan it Easterlauwersk Frysk, de Fryske taal dy’t yn Grinslân en de rest fan East-Fryslân útstoarn is. It Sealterfrysk is fan de trije Fryske tongfallen de fariant dy’t it tichtste by it Aldfrysk stiet. Wat taalôfstân oangiet sit it Sealterfrysk tusken it Westerlauwersk Frysk en it Noard-Frysk yn.

Gebieten dêr’t it Frysk weirekke is

It Frysk wurdt om 1500 praat yn it kustgebiet dat earne by Alkmaar begjint en by Esbjerg einiget. Om 1600 hinne is it Frysk fierhinne útstoarn yn West-Fryslân (Hoarn, Enkuzen), it hjoeddeistige Grinslân en it westen fan East-Fryslân. De wettersneedrampen fan 1362 en 1634 hawwe derfoar soarge dat yn it suden fan Noard-Fryslân de taal fuortrekke. Yn it East-Fryske Harlingerlân en Wûrsten ferdwynt it om 1800 hinne, de lêste sprekker fan it Frysk fan Wangereach stjert yn 1950. Fan it Midfrysk (1550-1800) binne net in hiele protte teksten oerlevere. By gelegenheid waard it Frysk wol brûkt, mar wie net langer mear de taal fan rjocht en iepenbier bestjoer.

Yndieling/klassifikaasje: Sibskip mei oare talen

Mei it Sealterfrysk en it Noardfrysk is it Frysk ien fan de trije tongfallen binnen de Fryske taalgroep. De Fryske taalgroep is ûnderdiel fan de Anglo-Fryske as Ingvaeoanske taalgroep, ek wol it Noardseegermaansk neamd. It Ingelsk en it Skotsk falle mei de trije Fryske talen ûnder it Noardseegermaansk.

Kontakt mei oare talen

It Frysk en oare talen om ús hinne feroarje hieltyd. Fryskpratende lânferhuzers hawwe it Frysk faak meinommen nei oare lannen en der binne in soad nijkommers dy’t it Frysk leard hawwe. Boppedat reitsje bepaalde wurden yn it ferjittersboek en moatte der nije wurden betocht wurde foar nije ferskynsels om ús hinne. It Frysk libbet as in hert.

It Frysk hat yn kontakt stien mei in protte oare talen. Yn de midsieuwen mei it Latyn, dêrnei benammen mei it Frânsk en Nederlânsk en yn mindere mate it Dútsk. Troch it Nederlânsk op û.o. Fryske skoallen hat dy taal de lêste ieuwen in grutte ynfloed hân op it Frysk, de lêste desennia slacht it Ingelsk hieltyd mear foar master op.

Mienskiplikheden mei it Ingelsk

De mienskiplike woartels mei it Ingelsk komme út in mienskiplike West-Germaanske oertaal dy’t oan it begjin fan ús jiertelling sprutsen waard. Under oaren it Frysk, Ingelsk, Nederlânsk en Dútsk binne dêrút ûntstien. Troch it Grutte Folkeferfarren teagen grutte kloften Angelen, Friezen, Juten en Saksen nei Brittanië en brochten harren taal mei. Dy taal soe letter it Ingelsk neamd wurde.

Yn de iere en hege midsieuwen binne keaplju yn de Fryske lannen foaral nei see ta rjochte. Súdlik fan de Fryske lannen leinen foaral grutte lapen feangrûnen en sompen, dat ferfier oer wetter wie ienfâldiger as transport oer lân. Dat soe in ferklearring wêze kinne foar it feit dat it Frysk en Ingelsk safolle nijsgjirrige mienskiplikheden hawwe.

Frisistyk

De frisistyk is alles op it mêd fan wittenskiplik ûndersyk en stúdzje, nei de Fryske taal, literatuer, gea, mienskip en kultuer. Theodor Siebs (1862-1941) wie de earste wittenskipper dy’t ûndersyk die nei alle trije Fryske talen, en kin as grûnlizzer sjoen wurde fan de moderne frisistyk.

It Nordfriisk Instituut yn Noardfryslân is in ûnôfhinklik wittenskiplik ynstitút foar it Noardfrysk. Noardfrysk kin yn Sleeswyk-Holstein studearre wurde oan de universiteiten fan Flensburch en Kiel. Yn Flensburch wurdt it Frysk as byfak oanbean, yn Kiel is it mooglik om in foltiidstúdzje te dwaan.

Foar it Westerlauwersk Frysk is de Fryske Akademy yn Ljouwert sûnt 1938 de wittenskiplike ynstelling foar it ûndersyk nei de Fryske taal. Oan de universiteiten fan Amsterdam en Leien wurdt Frysk as byfak oanbean, yn Grins is it mooglik om in foltiidstúdzje te dwaan.

It Sealterfrysk wurdt net as byfak of foltiidstúdzje oanbean. Oan de universiteit fan Oldenburch yn Nedersaksen wurket ien wittenskipper oan it ûndersyk nei it Sealterfrysk.

Gysbert Japiks

De Boalserter skriuwer, dichter, skoalmaster en foarsjonger Gysbert Japiks (1603-1666) is ferneamd wurden troch syn proaze en poëzij. Syn hiele wurk waard ferskynde twa jier nei syn dea yn de ‘Fryske Rymlerije’. Troch Gysbert Japiks komme de ynternasjonale lûden fan de renêssânse en de barok yn it Frysk nei foarren. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes. It Gysbert Japiksfeest dat yn 1823 yn Boalsert holden waard kin sjoen wurde as it begjin fan de Romantyk yn Fryslân en begjin fan de Fryske beweging.

Fryske beweging yn de 20e ieu

It ljocht fan de Romantyk dôve yn de twadde helte fan de 19e ieu, mar de Fryske beweging bleau bestean. De bannen mei de oare Fryslannen waarden ek oanhelle. Yn 1925 waard it earste Grutfryske Kongres yn Jever organisearre mei fertsjintwurdigers út sawat alle Fryske lannen. Yn 1928 waard de Afûk troch ferskillende organisaasjes út de Fryske beweging oprjochte, yn 1938 iepene de Fryske Akademy syn doarren. Nei de Twadde Wrâldkriich wurdt tusken ‘de bining ferbrutsen’ tusken literatuer en Fryske beweging. Yn 1945 waard de Ried fan de Fryske Beweging oprjochte. Nei Kneppelfreed yn 1951 hold de Ried fan de Fryske Beweging grutte protestgearkomsten en der kamen trije ministers út De Haach om te praten mei de Fryske Beweging en it provinsjale bestjoer. Sûnt dy tiid is de wetlike posysje fan it Frysk yn de rjochtbank better wurden en ek yn it iepenbier bestjoer en it ûnderwiis kaam mear romte foar it Frysk. Der binne ek Fryske ynstituten, politike partijen, in omrop, ûnderwiislju en oare partijen dy’t har los fan de Fryske beweging ynsette foar it Frysk. De Fryske beweging hâldt him neist mear rjochten hjoed-de-dei ek hieltyd mear dwaande mei taalpromoasje en befoarderet it brûken fan de Fryske taal.

Romantyk en it ûntstean fan de Fryske beweging

De Romantyk wie om 1800 hinne in rjochting yn ‘e Europeeske keunst, muzyk en literatuer mei gefoel en ferbylding op ‘e foargrûn. Dêrneist gong it benammen om de leafde en it langstme nei it ferline: Nei mearkes, sêgen en âlde folksferhalen. Yn de iere 19e ieu is de ynfloed fan de Romantyk yn Fryslân te fernimmen. Ferneamd út dy tiid binne de bruorren Halbertsma dy’t mearkes en folksferhalen yn it Frysk skreaun hawwe en ek op taalkundich mêd in soad dienen. Yn Westerlauwersk Fryslân en Noard-Fryslân ûntstiet yn dy tiid de Fryske beweging. It gefolch wie dat der mear skreaun waard yn it Frysk. Dêrtroch fiele skriuwers de needsaak om mear ienriedigens yn de krekte skriuwwize, de stavering, te krijen. Sa’n mienskiplike stavering ûntstiet yn it jier 1871 doe’t it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse de ‘Selskipstavering’ fêststelde. Der hawwe trije staveringsferoaringen hawwe der west: Yn 1945, 1980 en 2015. It ljocht fan de Romantyk dôve yn de twadde helte fan de 19e ieu, mar de Fryske beweging bleau bestean.

Sifers oangeande it Frysk

  • Neffens in foarsichtige rûzing kinne sa likernôch 0,5 miljoen minsken oer de hiele wrâld Frysk prate. Sa’n 350.000 minsken hawwe it Frysk as memmetaal.
  • De taaldatabank fan de Fryske Akademy mei Nijfryske wurden út de de tweintichste ieu hat 25 miljoen wurden.
  • It Frysk Hânwurdboek waard yn 2008 útbrocht en is it earste wurdboek dat Fryske wurden yn it Frysk ferklearret. It wurdboek hat sa’n 70.000 wurden.
  • It earste Fryske wurd is sa’n 1500 jier âld. Dat is in oardel millenium!
  • It Noardfrysk wurdt praat troch sa’n 8.000 minsken, it Sealterfrysk wurdt praat troch sa’n 2.000 minsken.
  • Alle jierren ferskine sa’n 120 Frysktalige boeken. Dêrfan is twa-tredde fiksje en in treddepart non-fiksje. Yn trochsneed ferskine jierliks sa’n 30 literêre wurken.
  • Wat bestsellers oangiet komt ‘De Gouden Swipe’ fan Abe Brouwer mei 30.000 eksimplaren op it earste plak: Flak dêrop folget ‘Feroaring fan Lucht’ fan Rink van der Velde mei 29.900 boeken as goede twadde: Mei 25.000 eksimplaren komt ‘It Wrede Paradys’ fan Hylke Speerstra op it tredde plak.
  • Yn 1943 ferskynde de earste folsleine Fryske bibeloersetting; binnen ien dei wienen alle 5.000 eksimplaren útferkocht.
  • 58% fan de minsken yn de provinsje Fryslân brûkt it Frysk faak yn it deistich libben. 14% praat yn it deistich libben allinne mar Frysk. 30% fan de Friezen seit dat er it Frysk ‘frij aardich oant hiel goed’ skriuwe kin. 12% fan de Friezen seit sels dat er de taal ‘tige goed’ skriuwe kin.
  • 94% fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân kin it Frysk ferstean, 65% kin it lêze. 74% fan de Friezen wol dat de eigen gemeente twatalich Frysk/Nederlânsk kommunisearret.
  • De Frysktalichste gemeente is Dantumadiel: 84% fan de minsken praat dêr Frysk. Yn Weststellingwerf is dat persintaazje it lytst: 16%. It Bilt blykt fierhinne ferfryske: Mear as de helte fan de Biltkers hat it Frysk as memmetaal.
  • Op it stuit binne sa’n 60 skoallen oansletten by it Netwurk Trijetalige Skoallen. Der binne trije skoallen yn it fuortset ûnderwiis dy’t harren lessen yn it Frysk, Nederlânske en Ingelsk oanbiede.
  • Der binne sa’n 100 Frysktalige foargongers yn de provinsje Fryslân. Bûten it Fryske taalgbiet binne dat sa likernôch 50.

Wetlik foech

It Frysk hat sûnt 1956 in offisjele status.

  • It brûken fan it Frysk yn it ûnderwiis is wetlik regele yn kêst 9-4 fan de Wet Primêr Underwiis en yn kêst 11a-2 fan de Wet op it Fuortset Underwiis.
  • De Wet gebrûk Fryske taal is in wet dêr’t it brûken fan de Fryske taal yn it rjochtsferkear en it bestjoerlik ferkear yn fêstlein is. De wet is op 1 jannewaris 2014 fan krêft wurden. Troch de wet kinne Frysktaligen harren taal brûke yn de rjochtseal en yn kontakt mei bestjoersorganen. De wet beheind him by it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal net ta de provinsje Fryslân, mar jildt ek foar rjochtbanken dy’t de provinsje Fryslân as har wurkgebiet hawwe.
  • De Nederlânske steat hat twa ferdraggen fan de Ried fan Europa ratifisearre. Dat is it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen en it Ramtferdrach beskerming nasjonale minderheden.
  • It Ramtferdrach beskerming nasjonale minderheden is tagelyk in taalferdrach as in erkenning fan de Friezen as folk.

Taalkoades

Yn de ISO 639 falt it Westerlauwersk Frysk ûnder de koades ‘fy’ en ‘fry’.