Stypje ús/Aktyf wurde

Hoe kinst ús stypje?

Hjirûnder steane in oantal mooglikheden om ús te stypjen of aktyf te wurden:

  • Wurd lid fan ús (sjoch ‘Lid wurde’)
  • Wurd neist dyn lidmaatskip ek aktyf lid en nim plak yn it bestjoer, de redaksje fan Nij Frisia of organisearje in aktiviteit foar ien fan ús groepen (sjoch groepen), it is ek mooglik om in nije groep op te setten dy’t it wurk fan de Jongfryske Mienskip stipet.
  • Doch de ferklearring fan ôfstân en nim moreel ôfstân fan dyn Nederlânske nasjonaliteit (sjoch ek skoalmateriaal).
  • Donearje jild (sjoch Jens Emil Mungard-Fûns hjirûnder)
  • Meitsje in dossier/ferslach/wurkstik of presintaasje oer de Jongfryske Mienskip (sjoch ek skoalmateriaal) en meitsje ús bekend.

Dêrneist binne der tal fan oare mooglikheden om it wurk fan de Jongfryske Mienskip te stypjen. Skriuw ús op jongfryskemienskip@gmail.com.

Jens Emil Mungard-fûns

Fine jo ek dat de rjochten fan de Friezen de muoite wurdich binne en hawwe jo dêr in finansjele bydrage foar oer? Sykje jo in organisaasje dy’t him bekroadet om de juridyske rjochten fan de Friezen? Dan kinne jim gebrûk meitsje fan ús Jens Emil Mungard-fûns (JEM-fûns).

Wy hawwe in rekken iepene om stipers en oaren gelegenheid te jaan om ús mei lytsere of gruttere bydragen te stypjen. Sok jild wurdt allinnich mar bestege oan juridyske saken oangeande de Fryske taal & identiteit.

Us bankrekkennûmer is:
NL92 INGB 0001 0695 35
Op namme fan:
Jongfryske Mienskip
Graach mei de omskriuwing:
Skinking JEM-fûns

Tige tank foar jo finansjele stipe foar de Fryske taal & identiteit.

Libbensrin Jens Emil Mungard

Jens Emil Mungard waard berne op 9 febrewaris 1885 yn Keitum op Sal (Sylt). Hy wie in soan fan taalwittenskipper Nann Peter Mungard. Mei sa’n heit wie it gjin wûnder dat er op jonge leeftyd al dwaande wie mei taal en literatuer. Syn heit sette him bot yn foar it Frysk en ûnderhold kontakten mei Westlauwerske Friezen lykas Piter Sipma. Jens Emil Mungard begûn al jong dichtwurken te skriuwen yn de Noardfryske fariant fan it eilân Sal.

Syn dichtwurk publisearre er ûnder oaren yn de krante. Neist de omfangrike samling proaza hat er ek noch seis teaterstikken skreaun. Neist syn literêre ambysjes buorke er op de pleats dy’t er fan syn heit oernommen hie. Yn 1921 waard de pleats troch brân ferneatige. Mungard besiket nochris foar himsels te begjinnen, mar sûnder súkses. Yn 1932 skiede er fan syn frou Anna Mungard.

Nei’t de nazis yn 1933 de macht yn Dútslân gripe, sjocht Mungard yn ’t earstoan noch kânsen foar it Noardfrysk. Al rillegau dêrnei wurdt it him dúdlik dat de nije machthawwers dochs gjin goede bedoelingen hawwe en hy begjint him yn 1934 foar it earst tsjin de Dútsers te fersetten. Yn syn dichtwurken makket er de nazis bespotlik. It wurde swiere jierren foar Mungard.

Jens Emil Mungard komt faker yn kontakt mei de polysje en wurdt om syn Fryske uteringen opsletten. Foaral syn kontakten mei de Westerlauwerske Friezen binne de nazis in stikel yn ‘e foet. Yn it Schutshaftbefehl fan 1936 stiet: “Ihr bisheriges Verhalten rechtfertigt den dringenden Verdacht, daß Sie auch weiterhin im Ausland das Ansehen des Deutschen Reiches schwer schädigen.” (“Jo gedrach oant no ta rjochtfeardiget de fertinking dat jo net ophâlde sille it oansjen fan it Dútske Ryk yn it bûtenlân slim te skansearjen.”) Yn 1938 krijt Mungard in skriuwferbod.

De Gestapo hâldt it skriuwferbod fan Mungard yn ‘e gaten. As bliken docht dat hy him dêr net oan hâldt, wurdt hy ein 1938 fannijs oppakt en nei Konsintraasjekamp Sachsenhausen brocht. Nei 377 dagen yn it konsintraasjekamp stjert Mungard troch de strieminne omstannichheden yn it kamp.

Inkelde útspraken fan Jens Emil Mungard:

  • “De Fryske kultuer stiet op himsels en hat neat mei de Dútske kultuer te krijen.”
  • “Ik wol foar Fryslân en it Frysk itselde as wat de Dútsers foar harsels wolle, krekt as de minsken yn Tsjechje, Poalen, Denemark ensafh.”
  • As reaksje op it skriuwferbod fan 1938: “As se dat wolle, moatte se my de fingers ôfkapje.”

Yn Konsintraasjekamp Sachsenhausen is in tinkstien foar Jens Emil Mungard oprjochte.